Twa jier sel easke tsjin ynbrekker út Snits

07 jul 2016 - 12:24

Tsjin in 37-jierrige man út Snits is in selstraf easke fan twa jier, wêrfan acht moanne ûnder betingst. Hy hie yn febrewaris ynbrutsen yn fjouwer wenningen, ûnder oare oan de Napjusstrjitte en de Tsjerkhofleane. Dêr hie er sieraden, telefoans en jild meinaam. De fertochte hie by ien fan de wenningen rútsjes ynslein en bloedspetters efterlitten. Oan de hân fan it DNA koe de Snitser oanhâlden wurde.

De man hat bekend. Hy hie noch in proeftiid fan in eardere straf en dy moat er no ek útsitte, fûn de offisier fan justysje. It giet dan om acht moanne sel. Op 21 july is de útspraak.

Trefwurden: 
Snits ynbrekker sel eask
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)