Problemen foar starters, wenningferkeap yn 'e lift

07 jul 2016 - 10:44

Starters op de wenningmerk krije hieltyd mear problemen om oan in betelbere keapwente te kommen. Makelersferiening NVM sprekt dêr yn syn fearnsjierferslach syn soargen oer út. Yn Fryslân sit de wenningferkeap noch hieltyd yn de lift. NVM-makelers hawwe yn it twadde fearnsjier fan dit jier goed 1500 wenningen ferkocht yn Fryslân. Dat is hast 19 persint mear as yn deselde perioade yn 2015. Benammen yn Noard-West Fryslân binne mear huzen ferkocht, hjir giet it om 36 persint mear transaksjes.

Prizen omheech, grutte regionale ferskillen

De prizen giene ek omheech, gemiddeld mei 1,8 persint. Wol binne der grutte regionale ferskillen. Yn it suden fan de provinsje giene de prizen mei 7,6 persint omheech yn fergelyk mei it earste fearnsjier fan dit jier. Yn Noard-West Fryslân gienen de prizen nei ûnderen, mei ien persint.

Romme keuze

De gemiddelde priis fan in ferkochte wenning yn Fryslân lei yn it twadde fearnsjier fan dit jier op goed 184.000 euro. Keapers kinne yn Fryslân út gemiddeld alve wenningen kieze, yn Nederlân is dat acht. Yn Fryslân duorret it gemiddeld 117 dagen foardat in hûs ferkocht is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)