Natuergebieten wer beskerme tsjin oerstreamingen

07 jul 2016 - 08:32

De Burgumer Mar, De Lits en De Leien tusken Sumar en Eastermar foldogge wer oan de takomstige feilichheidsnoarmen. It gebiet is dêrtroch yn de takomst wer beskerme tsjin oerstreamingen, sa kin der bygelyks mear wetter ôffierd wurde. Ek is der sa'n tachtich hektare oan natuer ferbettere.

Wetterskip Fryslân hat by de Burgumer Mar, De Lits en De Leien ûnder oare de kaden ferlein om moerasûntwikkeling te stimulearjen, natuerwearden te fersterkjen en de boezem út te wreidzjen. Dêrnjonken is der in nij gemaal boud.

By it projekt wurkje Wetterskip Fryslân, de provinsje, de gemeente Tytsjerksteradiel en Steatsboskbehear gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)