Kollum: ''Blyn''

07 jul 2016 - 08:00

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''Dizze kollum is opdield yn twa parten. Dit is part ien. It liket my ferskriklik om blyn of dof te wêzen. Je steane der net alle dagen by stil, mar as je ‘gewoan’ alles sjen en hearre kinne is dat in grut foarrjocht. Ik kin trouwens net kieze tusken wat ik slimmer fyn, blyn of dôf. As je dôf binne, kinne je gjin moaie muzyk mear hearre, foar my in dramatysk foarlân. Ik libje mei muzyk, alle dagen. Mar as je blyn binne, sjogge je de feroarings yn de seizoenen net mear, komme je net fan bêd om ta jo freugde de earste snie yn de winter op de terrastafel te sjen.

Om mar ris in pear foarbylden te neamen. It binne beide grutte beheinings dy’t je oan nimmen gunne. Dochs binne der in soad bline en dôve minsken. En dus is it moai dat der yn It Feen omtinken foar minsken is, dy’t net goed sjen kinne. Sportklup Hearrenfean rjochtet in aparte tribune yn foar minsken dy’t net of hiel min sjen kinne. In treflik inisjatyf dat dy doelgroep mei genietsje lit fan de sfear yn it stadion en troch twa reporters fia koptelefoan bypraten wurde sil oer wat der op it fjild bart.

It is in wize om as profesjonele sportferiening wat werom te dwaan foar, oei, dêr ha je dat aaklige wurd wer, foar de mienskip. Ik seach op Twitter dat der ferfelende, as grappen bedoelde opmerkings oer blinen en de SC yn ferbân brocht wurde mei dit prachtige plan fan Sportklup Hearrenfean. Dat seit alles oer de lju dy’t miene dêr de spot mei driuwe te moatten en neat oer de wille dy’t de minsken hooplik ha sille dy’t op de spesjale tribune in plakje krije. Grut komplimint oan de betinkers fan dit plan.

No it twadde part, dat giet oer foarljochters. Je ha ek minsken dy’t sjende blyn en hearrende dôf binne. Dat is in beheining dy’t hast like beroerd is. In jier as wat lyn kaam de meidieling dat it troch Gerrit Braks yn 1984 ynstelde molkekwotum ferdwine soe. De bûterberch en de oare pakhûzen fol mei suvel dy’t omtovere waarden ta Braderije wienen de minsken in generaasje as twa letter al wer ferjitten. En jim ha it allegearre sjen kinnen, der waard omraak boud. Hoefolle nije lisboksen der de lêste jierren ta de grûn út stampt binne komt net sa krekt. Gek makke troch de foarljochters ynvestearren de boeren as wylden, want aanst soenen de fleispotten fan Egypte ta harren beskikking komme. Dus jongfee oanhâlde en sjen dat je klear foar de ultime nije start wienen. Melke, as in idioat.

No is de merk net sa dreech te begripen. As der te min produkt oanbean wurdt, giet de priis omheech. As der wat mear produkt oanbean wurdt, sakket dy priis in bytsje. As de Sjinezen hjir de babypoeier út de skappen rôve, giet dy priis omheech. Krije dy Sjinezen betrouwen yn produkten út eigen lân of kinne se it earne oars goedkeaper krije, sil de priis nei ûnderen gean. As Europa gjin eksport nei Ruslân tastiet, sil der mear oanbod op de oare merken komme, wêrtroch de priis sakket. Oant no ta net sa dreech te folgjen?

As de foarljochters de boeren sa gek krije dat se as dwazen begjinne te melken en binnen in jier djip yn de ellinde sitte trochdat de merk oerspield wurdt mei molke en de priis dus mei in needgong sakket, snappe jim dat? Ik wol. En mei my grif in hiele soad oare mei boereferstân. Dy boeren moatte sels neitinke en harren net foar de safolste kear gek meitsje litte troch snelle foarljochterkes yn djoere maatpakken mei dikke leaseauto’s. Dy nije tribune yn it Abe Lenstra Stadion kin wol trije kear sa grut. Kandidaten genôch dy’t der sitte kinne.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)