Bart Helmholt ljept nij Nederlânsk rekôr

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum hat woansdeitejûn in nij Nederlânsk rekôr sprongen. Op It Heidenskip makke hy in sprong fan 21.64 meter. It eardere Nederlânsk rekôr stie ek al op syn namme. Helmholt sprong op 5 july 2014 yn it Utrechtse Linschoten 21.55 meter.
"Ik hie it net ferwachte, want ik siet eins hielendal net lekker yn de wedstriid", fertelt Helmholt nei syn prestaasje. "Dizze sprong fielde úteinlik dochs wol hiel maklik oan. Dus dit rekôr wol ik fansels ek wer ferbrekke."
Neffens Helmholt is dat elke wedstriid wol syn doel. "Yn teory soe 22 meter helber wêze moatte. Dus ik gean moai op deselde foet troch en dan moat ik miskien krekt wat skeaner springe."