Twa jonge Fryske skiedsrjochters fluitsje yn Frankryk

06 jul 2016 - 21:32

Twa jonge Fryske skiedsrjochters fluitsje dizze wike yn Frankryk op it Paris World Cup toernoai. It giet om Reinoud Weiland fan Menaam en Chris Marijt fan Boalsert. De Paris World Cup is in fuotbaltoernoai foar jeugdteams út de hiele wrâld.

De Friezen dogge mei oan in workshop foar talinten yn de skiedsrjochterswrâld en hoopje harren sels yn de picture te fluitsjen. Foar beide mannen is it like spannend as foar Erwin Zeinstra oft se de folgjende rondes helje. In sjuery bepaalt alle kearen oft se trochgean of net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)