"Helte minder kij op Skier is better foar it eilân"

De helte minder kij op Skiermûntseach soe better wêze foar de natuer op it eilân. Dat komt nei foaren út in helberensûndersyk om de melkfeebedriuwen dêr te feroarjen. Skiermûntseach hat tefolle stikstof yn 'e loft en dat is skealik foar de natuer. De provinsje hat Skierrmûntseach dêrom de opdracht jûn nei te tinken oer in duorsume wize fan buorkjen.
Woansdeitemiddei waarden de resultaten fan it helberensûndersyk presintearre troch saakkundige Jan Willem Erisman fan it Louis Bolk ynstitút.
Neffens him is it better de feesteapel op it eilân mei de helte werom te bringen. Dan hoecht der gjin fretten foar de kij fan de fêste wâl ôf oerbrocht te wurden, mar kin der buorke wurden mei wat der op it eilân al te krijen is.
Om de bedriuwen rendabel te hâlden is neitocht oer it opsetten fan in eigen molkfabryk. De boerebedriuwen soene dêryn gearwurkje kinne om bygelyks in eigen tsiis te produsearjen. De sân melkfeeboeren op it eilân stean posityf tsjinoer it útstel fan Erisman, mar ha noch gjin offisjeel akkoart jûn.