Scooter botst mei auto yn Drachten
Yn de Torenstraat yn Drachten hat woansdeitemiddei in oanriding west tusken in scooter en in auto. De auto kaam út in útrit, mooglik hat de bestjoerder de scooter oer de holle sjoen.
Meiwurkers fan de ambulânse hawwe earste help ferliend. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it it ûngelok.