FNP wol belang fan Europa foar Fryslân yn kaart bringe

06 jul 2016 - 17:34

De FNP wol dat Deputearre Steaten yn kaart bringt watfoar belang Fryslân hat by de Europeeske Uny. De partij wiist sels op it jild dat de ôfrûne jierren fan de EU nei ús provinsje kommen is. In eventueel referindum oer it al as net yn de EU bliuwen fan Nederlân soe de Fryske belangen skea dwaan, sa fynt de FNP.

Op de fraach oft in eventuele Nexit betsjutte soe dat Fryslân it foarbyld fan Skotlân folgje moat, woe FNP-steatelid Sybren Postumus noch gjin antwurd jaan. Hy sei wol oerienkomsten tusken Skotlân en Fryslân te sjen.

Skotlân tinkt der oer om wer in referindum oer ûnôfhinklikheid te hâlden, om sa selsstannich lid fan de EU te wurden.

Trefwurden: 
FNP Europeeske Uny Brexit Nexit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)