Fragen oer de sinteraasje fan de EU nei Fryslân

Europeesk Parlemint © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De FNP yn provinsjale steaten wol dúdlikens hawwe oer wat de EU krekt foar Fryslân docht. Dit nei oanlieding fan de Brexit en de dêropfolgjende Nexit diskusje. Neffens de partij binne guon foardielen, lykas frede en iepen grinzen, wol dúdlik. Mar de partij wol mear ynformaasje hawwe oer hoefolle jilden op langere termyn troch de EU yn Fryslân ynvestearre binne.
De FNP seit pro-Eurpeesk te wêzen, mar se wol mei de hjoeddeistige diskusje oer de takomst fan de EU wol mear dúdlikens hawwe oer de ynfloed fan de ynternasjonale gearwurking.
"It Fryske Marreprojekt is mei Europeeske stipe betelle, it opknappen fan ferskate binnenstêden, organisaasjes as Wetsus en Mercator profitearje der fan en ek boeren krije ynkommen mei Europeesk jild. Mar wat ûntbrekt is in totaalplaatsje", sa seit steatelid Sybren Posthumus. Neffens him kin pas mei in totaalbyld in goeie diskusje fierd wurde.