Ealahústers kinne no oer fytspaad nei Aldegea

06 jul 2016 - 11:59

Fytsers tusken Ealahuzen en Aldegea yn de gemeente De Fryske Marren hoege tenei net mear oer de dyk te fytsen, mar kinne oer in nagelnij fytspaad. Benammen foar de skoalbern út Ealahuzen is it wichtich dat it paad der kaam is.

Sûnt de sluting fan de basisskoalle yn Ealahuzen moatte sy alle dagen op de fyts nei Aldegea. It nije fytspaad is oanlein mei help fan pleatslik belang, de omwenners en de gemeente.

Trefwurden: 
fytse Ealahuzen fytspaad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)