Hjoed noch gjin berging sonken binnenfeartskip

De berging fan it Belgyske binnenfeartskip ''Alsvin'' dat tiisdei sonk by de kust fan Starum kin noch wol rom in wike duorje. Dat ferwachtet Rykswettersteat. Earst moat der in ynspeksje fan de berger en de fersekeringsmaatskippij dien wurde by it skip. Dêrnei moat de berger trije driuwende bokken by it skip pleatse dat de lading derút hellet.
De Alsvin ferfierde in grutte lading slakken. In wurdfierder fan Rykswettersteat tinkt dat it skip sonken is omdat der weagen yn de iepen laadbak fan it skip kamen en sa folrûn mei wetter.
Omdat it skip yn de fargeul fan de Iselmar leit, binne der wrakboeien pleatst om oar farferkear te warskôgjen.