Slûzen en brêgen Ofslútdyk wurde oanpakt

06 jul 2016 - 10:26

De slûzen en brêgen yn de Ofslútdyk wurde de kommende moannen yngreven ûndersocht troch Rykswettersteat. Yn earste ynstânsje sil der ûnder wetter wurke wurde oan de spuislûzen. It is de bedoeling dat der sjoen wurdt nei it beton fan sawol de spui- as de skutslûzen. Dêrnjonken binne ek de beweechbere parten fan de brêgen oan bar om ûndersocht te wurden. Nei de ynspeksje sil der in ynventarisaasje makke wurde, en kin der in plan gearstald wurde foar de reparaasje-oanpak.

Ynspeksje

De ynspeksjes sille fan 14 july oant de ein fan dit jier plakfine. Allinnich de skutslûzen wurde pas yn 2017 besjoen. By it ûndersyk fan 14 july oant en mei 1 septimber is der foar it autoferkear ûngefear ien kear yn de wike mar ien rydstripe beskikber foar beide kanten fan de dyk. Der moat dus rekken hâlden wurde mei opûnthâld. Wol sil der besocht wurde om it wurk foar it grutste part yn de nachten te dwaan.

Op 14 july wurdt earst úteinset mei de ynspeksje fan de spuislûzen. Foar it ûndersyk dat ûnder wetter plakfynt sille de spuikokers drûchset wurde. Dit wurdt dien mei help fan spesjale skotten dy't oer it wetter oanfierd wurde. Dit earste ûndersyk, dat foar it grutste part dus ûnder wetter plakfynt, duorret oant 1 septimber. Dêrnei komt it wurk oan de brêgen, en it wurk boppe wetter oan bar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)