Gjin kontrakt Quincy Owusu-Abeyie by SC Hearrenfean

06 jul 2016 - 09:52

Fleugeloanfaller Quincy Owusu-Abeyie komt definityf net by Sportklup Hearrenfean. Dat lit de klup fia de offisjele kanalen witte. Owusu-Abeyie hat de ôfrûne tiid in proefperioade by de klup trochrûn, mar hjir is net in fierdere gearwurking út fuortkaam.

De 30-jierrige Ganees hie earder dit jier ek al in staazje trochrûn by SC Cambuur. Hearrenfean winsket de spiler sukses by it fierder sykjen nei in nije klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)