Krimpskoallen bliid mei foarstel steatssekretaris Dekker

It foarstel fan steatssekretaris Sander Dekker om it makliker te meitsjen foar iepenbiere- en kristlike skoallen om te fusearjen, is in goeie ûntwikkeling. Dat fynt Hans Greidanus. Hy is foarsitter fan de koepel foar kristlik basisûnderwiis. Neffens him jout dit âlden en skoallen in ekstra opsje as der praat wurde moat oer de takomst fan krimpskoallen. Greidanus seit wol dat der altyd harke wurde moat nei wat der op it doarp libbet.
Yn it foarstel fan steatssekretaris Dekker meie skoallen dan tenei sawol kristlik as iepenbier ûnderwiis jaan, no moatte se nei in fúzje kieze foar it iene of it oare. Dekker hat hjirfoar moandei in wetsfoarstel nei de Twadde Keamer stjoerd.