Leanbedriuwen dupe fan akkoart

27 apr 2012 - 15:29

It akkoart fan Twadde Keamerfraksjes om it belestingfoardiel fan reade disel ôf te skaffen, kin in trochsneed leanbedriuw yn Fryslân wol 50.000 oant 60.000 euro ekstra kostje. Ek Fryske melkfeehâlders sille te lijen ha fan de besunigingsmaatregel.

Dat seit Arnold Veenema yn Snits, in grutte leveransier fan brânstof. CDA, VVD, GrienLinks, D66 en ChristenUnie wolle it aksynsfoardiel fan reade disel teneate dwaan, omdat dat yn 2013 150 miljoen euro oan ekstra opbringsten opsmite sil.

Yn de jierren 2014 en 2015 soe dy mearopbringst fierder omheech gean kinne oant 300 miljoen euro yn 't jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)