Ofgraving Eanjumer terp stillein fanwegen minne waar

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It ôfgraven fan de terp by Eanjum is stillein fanwegen it minne waar. Troch al it reinwetter is de terp yninoar sakke. De meiwurkers hawwe de opgraving ôfdutsen om it kwetsbere terrein te beskermjen.
De bedoeling wie de ferskate lagen fan de terp ôf te graven en der dan in 'lakprofyl' fan te meitsjen. Dat is in soarte fan ôfdruk fan de lagen op in grutte plaat fan trije bij fjouwer meter. It soe de earste kear wêze dat der sa'n grut profyl makke waard fan in Fryske terp. It projekt wie foar in tentoanstelling yn it Frysk Museum.