Ryksuniversiteit Grins begjint mei online kursus Frysk

Oan de Ryksuniversiteit yn Grins kinne minsken har ynskriuwe foar de earste online Nederlânske streektaalkursus as yntroduksje foar it Frysk. De kursus is fergees te folgjen fia ynternet en is bedoeld foar bûtenlânske studinten dy't deroer tinke om nei it noarden fan ús lân te kommen en foar oare studinten dy't nijsgjirrich binne nei de Fryske taal en kultuer.
Dielnimmers oan de online kursus leare yn trije wike hoe't se harsels foarstelle kinne yn it Frysk en prate kinne oer famylje, freonen, wurk en stúdzje.
Ek komme se yn 'e kunde mei aspekten fan de Fryske kultuer. De kursus bestiet út artikels, kwissen, diskusjes en fideo's.
It giet hjir om in MOOC, in Massive Open Online Course. It is basearre op de fariant 'Introduction to Dutch', dy't yn 2015 sa'n 70.000 ynskriuwingen hie. De ynhâld fan de Fryske kursus is ûntwikkele troch Gerbrich de Jong, dosinte Nederlânske en Fryske taal en kultuer oan de Faculteit der Letteren fan de universiteit fan Grins.
De online kursus begjint op 26 septimber en is fergees te folgjen fia it platfoarm www.futurelearn.com.