FIDEO: Teatrale busreis by Sintrale As

In lyts iepenloftspul ûnder de brêge by Burgum of in muzykstik by De Falom. Je kinne it sjen yn de foarstelling 'De pASsant', in teatrale busreis troch de omjouwing fan de Sintrale As. It is in idee fan de provinsje yn gearwurking mei Keunstwurk. Moandei wie de earste foarstelling. De pASsant wurdt spile oant en mei 15 july.
De nije fjouwerbaansdyk tusken Dokkum en Nyegea hat foar in soad omwenners grutte konsekwinsjes. De organisaasje wol mei it reizgjend teaterstik foar wat fleurichheid soargje. Spesjaal foar de minsken dy't no alle dagen op de nije autodyk útsjogge. Mar it teaterstik is net bedoeld as 'goedmakertje'.