"Foar de fakânsje wurdt arsjitekt nij MFA-gebou selektearre"

05 jul 2016 - 14:33

In nije klankboerdgroep op De Gordyk sil noch foar de simmerfakânsje in arsjitekt foar in nij MFA-gebou yn it doarp selektearje. Dizze klankboerdgroep bestiet ûnder oare út omwenners fan de Boargemaster Harmsma Skoalle, Pleatslik Belang, de Skâns en fertsjintwurdigers fan basisskoalle De Flambou/Trimbeets.

No tongersdei wurdt de groep offisjeel presintearre. De groep is opset om derfoar te soargjen dat de belangen fan de ferskillende ynstellingen goed meinaam wurde yn de realisaasje fan de nije multyfunksjonele akkommodaasje.

De klankboerdgroep is hjiryn ûnôfhinklik. Sy kin bygelyks advys jaan oer it materiaal en kleurgebrûk. Klaas de Winter is de omjouwingsmanager fan de nije MFA en is dêrnjonken oansteld om derfoar te soargjen dat der goed om de omjouwing tocht wurdt. "Wij kunnen wel van alles bedenken, maar straks staat hier een MFA voor de Gordyksters. Zij moeten hier straks hun nieuwe plek vinden en voordeel hebben van het feit dat onderwijs, cultuur en ontspanning op één plek samenkomen. Dat alle betrokkenen al zo vroeg in het proces een belangrijke stem hebben, zorgt voor draagvlak en maakt de MFA sterker en beter. Zo bouwen we samen aan de nieuwe huiskamer van Gorredijk", sa seit De Winter.

Trefwurden: 
De Gordyk MFA klankboerdgroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)