Lanlike primeur Appelskea: Selsridende auto de dyk op

05 jul 2016 - 14:07

In primeur foar Appelskea. Besikers kinne dêr fan ein augustus ôf har ferfiere litte mei twa selsridende auto's. It is foar it earst yn Nederlân dat sokke auto's de iepenbiere dyk op meie. Yn Appelskea giet it dan om it stik tusken it besikerssintrum fan Steatsboskbehear en de Wester Es. De twa auto's sille as proef trije moannen lang op it trajekt fan twa-en-in-heale kilometer ride. Doel is om sa út te finen of selsridende auto's yn krimpgebieten ynset wurde kinne as ferfanger fan it iepenbier ferfier.

Steward oan board

De gemeente Eaststellingwerf makket it stik dyk de kommende wiken geskikt foar de selsridende auto's. Dy ride op elektrisiteit en helje in snelheid fan 15 kilometer yn 'e oere. Der kinne tsien minsken meiride. Ek is der in steward oan board, dy't yn gefal fan need it ridend ark stilsette kin.

Trefwurden: 
Appelskea selsridende auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)