Wethâlder Jan Dijkstra stapt út kolleezje Skiermûntseach

Wethâlder Jan Dijkstra fan Skiermûntseach stapt út it kolleezje fan it eilân. De 70-jierrige Dijkstra lit yn in brief oan de ried witte dat it er net iens is mei de oare kolleezjeleden oer de takomst fan it eilân.
Dijkstra wie earder lid fan provinsjale steaten yn Drinte en waard dêrnei riedslid en wethâlder op Skier. Hy hâldt mei yngong fan 1 septimber op.