Earste peal slein foar kampus Seefeartskoalle Skylge

Op Skylge is tiisdeitemoarn it offisjele startsein jûn foar de bou fan de nije kampus fan Seefeartskoalle Willem Barentsz. De nije kampus krijt 204 ienpersoanskeamers en moat yn de simmer fan 2017 oplevere wurde. It giet om in projekt fan 11 miljoen euro, dat boud wurdt yn opdracht fan wenningkorporaasje De Veste.
It nije kompleks leit yn in dúnpanne en bliuwt mei in bouhichte fan 12 meter fier ûnder de beammegrins, wêrtroch't de hoarizon fan Skylge net oantaaste wurdt.
Tsientallen jierren foarút
De nije kampus komt yn it plak fan de âlde kampus oan de Waadsee, dy't al tolve jier lyn net mear oan de easken foldie. It âlde gebou mei 100 twapersoanskeamers is útwenne en wurdt permanint ferstevige troch bousteigers. Neffens direkteur Willem Smink fan de NHL betsjut de nije kampus dat de seefeartskoalle wer 'tsientallen jierren' foarút kin op Skylge en boppedat wer de konkurrinsje oan kin mei de oare maritime opliedingen yn Nederlân. De seefeartskoalle docht it goed en kin it kommende skoaljier wer sa'n 130 nije studinten ynskriuwe. Dêrnjonken fersoarget de seefeartskoalle ek in soad kursussen foar seefarrenden.
Twapersoanskeamers
It studintebestjoer fan de seefeartskoalle hat meipraat oer de bou fan de nije kampus. Wurdfierder Robby Pedroli fan de studinten seit dat er it spitich fynt dat de twapersoanskeamers ferdwine yn it nije kompleks. "Tweepersoonskamers zijn beter voor de saamhorigheid", sa fynt er. Wol binne de studinten bliid dat der nei jierren fan praten wurk makke wurdt fan de nije kampus, dy't boppedat ticht by de seefeartskoalle leit.
Genen fan it eilân
Neffens wethâlder Teun de Jong fan Skylge is de nije kampus fan grut belang foar it hele eilân. "De seefeartskoalle sit yn de genen fan it eilân, lykas de seefeart sels. It is hiel wichtich foar de ekonomy fan it eilân." De Jong daagde Smink fan de NHL dêrom út om by it opsetten fan nije aktiviteiten en stúdzjerjochtingen ek ris oan Skylge te tinken.
Wachtlist
Op it terrein njonken de nije kampus bout wenningkorporaasje De Veste op dit stuit sechtjin sosjale hierwenten. De gemeente Skylge is dêr bysûnder wiis mei, want sa kin der wat dien wurde oan de lange wachtlist foar hierwenten op it eilân. De wethâlder hâldt der hjirby wol rekken mei dat de hierders yn de nije wenten wolris net sa fluch trochstreame sille nei in keapwente, want dy binne faak net te beteljen foar minsken dy't yn in sosjale hierwente sitte.
De gemeente Skylge wol dêrom de kommende tiid ek útsjen nei oare nijboulokaasjes, want ek nei it opleverjen fan de sechtjin nije wenten steane der noch hieltyd sa'n 80 nammen op de wachtlist. De gemeente wol besykje om ek nijbou te ûntwikkeljen foar de kategory minsken dy't net yn de beneaming komt foar in sosjale hierwente, want ek foar minsken mei in midden-ynkommen is it lestich om húsfesting te finen op it eilân.