Gjin gersbaanraces dit wykein yn Noardwâlde

Der wurde it kommende wykein gjin gersbaanwedstriden ferriden yn Noardwâlde. De baan is dweiltrochwiet. Op sneon soe benammen de jeugd yn aksje komme, op snein stiene de specials mei in wedstriid foar it iepen Nederlânsk kampioenskip op it programma. Dat betsjut dat bygelyks Jannick de Jong, Dirk Fabriek en Henry van der Steen de motor yn it hok stean litte kinne. Mei motorsportbûn KNMV sil socht wurde nei in nije datum.