'Sterke Man' Jitse Kramer giet foar nije titel

05 jul 2016 - 10:11

Jitse Kramer fan Ljouwert is yn topfoarm foar it kampioenskip 'Sterkste Man fan Nederlân' sneon yn Zwolle. Kramer ferdigenet syn titel fan ferline jier. Ek yn 2013 waard er alris kampioen. Ferline jier pakte Kramer it earste plak mei in lichte blessuere. No is hy topfit.

By it Nederlânsk kampioenskip moatte tolve dielnimmers elkoar op seis ferskate ûnderdielen bekampe. Jitse Kramer hat de ôfrûne moannen goed traine kinnen. De 35-jierrige topsporter is 152 kilo. Hy kin kuierje mei in gewicht fan 500 kilo yn 'e nekke.

Fitness trainer

Yn syn deistige libben is Jitse Kramer fitness trainer. Hy traint sels fiif dagen yn 'e wike yn de sportskoalle en sneons docht er spesifike training yn de skuorre fan syn âlden yn Ferwert. It NK 'Sterkste Man fan Nederlân' wurdt sneontemiddei yn Zwolle hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)