Kollum: "Hufters"

05 jul 2016 - 08:31

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Yn in simmer dy’t útinoar knalt fan de sporteveneminten is it no tiid foar ien fan de hichtepunten dêrfan: de Tour de France. In koers fan mytyske proporsjes, dy’t sels de ferbylding fan net-leafhawwers prikelet.

Ik hâld derfan. En tagelyk ek wer net. Want eins is de Tour te grut, te ûnbidich, is it in meunster dat alles en elkenien opfret. De Tour betsjut hektyk en gaos. Hoewol’t falpartijen by it hurdfytsen hearre lykas Douwe by Bob, bart it nergens sa faak en sa massaal as yn de Tour. Yn fan de redenen dêrfoar is de mentaliteit fan de jongere koereurs. Sizze de âldere koereurs, teminsten. Se warskôgje net foar gefaarlike plakken, jouwe gjin sinjalen mear sa’t dat froeger de gewoante wie. De wize fan hoe’t men mei-inoar omgiet yn it peloton is feroare troch de jierren hinne.

Wat dat oangiet is dat peloton in ôfspegeling fan de maatskippij. Want ek dy is yn negative sin feroare troch de jierren hinne. ‘Verruwing’ en ‘verhuftering’ binne de wurden dy’t dêr foar brûkt wurde. Men sjocht it rûnom. Passazjiers dy’t bussjauffeurs oanfalle, omstanners dy’t helpferlieners bedrige, âldelju dy’t ferhaal heljen komme by leararen op skoalle. Bottens hearsket op strjitte, yn iepenbiere gebouwen en yn it ferkear. Sjoch ek de polityk. It parlemint soe toch yn alle gefallen it goede foarbyld jaan moatte, mar ek dêr hat de ûntaarding taslein.

In foarbyld dêrfan wie foarige wike te bewûnderjen, mei tank oan de hearen Kuzu en Öztürk fan DENK. Yn de Twadde Keamer is tiisdeis de dei dat besluten naam wurde, stimd wurdt oer moasjes en wetsfoarstellen. Kuzu frege dêr útstel foar oan omdat er dêr, yn ferbân mei it ramadanfeest, net by wêze koe. Keamerfoarsitter Arib, sels moslima, kapte dat resolút ôf. Se sei dat er de regels net respektearre, en dat it him frij stie om thús te bliuwen. Lykwols prate er gewoan troch har kommentaar hinne, as bestie se net. Dat wie al fan in brutalens en ûnbeskamsumens dêr't my de bek fan iepen foel. Mar doe wie dêr ynienen syn partner, Öztürk, dy’t him foar de mikrofoan opponearre. Alwer in skeining fan de regels, omdat je de Keamerfoarsitter earst om it wurd freegje moatte. Dêr waard er troch Arib op wiisd, mar doe’t er oanhâlde drukte se syn mikrofoan ticht. Lykwols balte er gewoan troch, en, sterker noch, stapte er op de bank fan de Keamerfoarsitter ta om syn beklach te dwaan.

Yntimidaasje hjit soks, noch net earder sjoen en mislikmeitsjend. De partij dy’t yn syn begjinselferklearring hat te stean dat se tsjin ‘verruwing’ en ‘verharding’ binne, docht krekt dat. Gjin respekt foar de foarsitter (omdat it in frou is?), gjin respekt foar de Keamer. Want in dei earder hiene se it der al oer hân by de raming fan de Keamer, en ek doe wiene alle partijen tsjin. Kuzu en Öztürk hiene dy haadlike stimming filme en op Youtube set, om op dy wize oanhingers te mobilisearjen foar haatkampanjes rjochting tsjinstanners. Walchlik. Krekt sa walchlik as dat se minister Asscher in Joadske belangefertsjinwurdiger neame.

Dat is it foarbyld dat de polityk jout. Is it dan in wûnder dat stiennen troch ruten fleane en auto’s yn de brân stutsen wurde?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)