Kik Pierie is de jongste debutant by SC Hearrenfean

Kik Pierie is de jongste spiler ea yn de skiednis fan SC Hearrenfean dy't syn debút makket yn it earste. Yn de oefenwedstriid tsjin Drachtster Boys mocht Pierie nei de tee meispylje fan trainer Jurgen Streppel. Kik Pierie is grutsk mei dy ear, mar is ek realistysk. "Ik moet nog heel veel leren bij SC Heerenveen. Twee-benig worden of het fysieke gedeelte.
Dinsdag evalueer ik met de trainer hoe het gaat, maar waarschijnlijk speel ik gewoon dit jaar bij de A's of sluit ik een keer bij de beloften aan," sa seit Pierie.
Jurgen Streppel sil syn seleksje oer twa wiken werombringe nei 24 man. Dan wurdt dúdlik oft Pierie by de jeugd fierder sil of by de A-seleksje bliuwt. De jongste spiler dy't ea debutearre yn it betelle fuotbal yn ús lân wie Wim Kras (1959) fan FC Volendam. Hy wie 15 jier, 9 moannen en 17 dagen. Dat rekôr brekke is ûnhelber foar Pierie, hy wurdt ein july 16.