4 jier sel foar oplichter

27 apr 2012 - 14:04

De rjochtbank yn Ljouwert hat oplichter Gaatze Bosma fan De Westereen freed ta fjouwer jier selstraf feroardiele. De 57-jierrige sakeman waard der fan fertocht dat hy 60 ynvestearders foar miljoenen oplicht hat. Bosma moat ek 1,9 miljoen euro oan de Nederlânske steat betelje. As him dat net slagget wurdt syn selstraf mei 365 dagen ferlingd.

Bosma sei dat hy it jild ynvestearje soe yn ûnder oare fakânsjeparken en golfbanen. Mar dat barde net. Der wie fiif jier tsjin him easke.

De parserjochter joech nei de útspraak útlis oan de dupearren fan Bosma. Dy wiene net sa tefreden oer de útspraak. 'Bosma hat fjouwer jier krigen, wy hawwe libbenslang', sei ien fan harren. De dupearren kinne besykje om jild werom te krijen fia de kurator fan Bosma, mar de kâns dat dat slagget liket bysûnder lyts. Gaatze Bosma wie sels net by de útspraak oanwêzich. It is net dúdlik oft de man tsjin de útspraak yn berop gean sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)