Foarstelling 'De pASsant': in bustocht by de Sintrale As

04 jul 2016 - 22:27

Moandeitejûn wie de earste foarstelling fan 'De pASsant', in bustocht troch de omjouwing fan de Sintrale As. Yn de bus sitte gidsen dy't de passazjiers ûnderweis fan alles fertelle en yn elk doarp wurde foarstellingen opfierd. De organisaasje is yn hannen fan de Stichting Keunstwurk tegearre mei sjongers, spilers en muzikanten út alle doarpen dy't meidogge.

Der binne twa rûtes, de iene start yn Dokkum en giet fia De Falom, Broeksterwâld, Feanwâlden, Feanwâldsterwâl en De Westereen werom nei Dokkum. De súdlike rûte start yn Burgum en dan giet it fia Noardburgum, Hurdegaryp, Suwâld en Garyp werom nei Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)