Studinten lilk om hoarekabelied

In groep fan sa'n 300 lilke studinten hat protestearre tsjin de oankundige feroarings yn it Ljouwerter hoarekabelied. Mei de leus 'Leeuwarden Culturele Doodstad' woene de demonstranten dúdlik meitsje dat Ljouwert mei de nije hoarekaregels net gastfrij genôch is foar Kulturele Haadstêd 2018.
Earder ticht
Yn de nije plannen stiet dat allinnich bedriuwen oan it Ruterskertier, it Saailân en it stasjonsgebiet tenei oant fiif oere iepenbliuwe kinne. Kroegen bûten dat gebiet soene dan om trije oere of soms sels al om ien oere nachts ticht moatte. Pas yn jannewaris wurdt der mear dúdlik, sa liet boargemaster Ferd Crone earder witte. Minsken wiene yn it foar oproppen om nei it Gouverneursplein te kommen om de gemeente in dúdlik sinjaal te jaan.