Eask: seis moannen sel foar stellende frou

04 jul 2016 - 20:31

Tsjin in 27-jierrige frou út Amsterdam is seis moanne finzenisstraf easke foar in lanlike rôftocht by in rige winkels del. Mei trije oare froulju hat se moannen lang tassen fol guod stellen. De reis gie by winkels del yn Amsterdam, Zwolle, Alkmaar en Drachten, dêr't de fertochte úteinlik betrape en oanhâlden waard. It stellen guod waard weromfûn yn twa auto's. It gong ûnder oare om dekbêden, húshâldlike apparatuer en parfums. De froulju brûkten tassen, dy't spesjaal foar de stellerij makke wiene.

De Amsterdamse wurdt ek fertocht fan geweld. By in drogisterij yn Amsterdam wie op kamerabylden te sjen hoe't in meiwurkster skopt en slein waard. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
stellerij finzenisstraf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)