Accolade bout tydlike huzen oan de Stasjonswei yn Drachten

Oan de Stasjonswei yn Drachten wurde 24 tydlike huzen boud, foar ien of twa persoanen. Se bliuwe der yn elts gefal tsien jier stean. De gemeente Smellingerlân en wenningkorporaasje Accolade wol sa ynspylje op it tekoart oan huzen foar jongeren en lytse húshâldens. En der soene ek flechtlingen mei in ferbliuwsstatus yn ûnderbrocht wurde kinne.
De fraach nei sokke húsfesting is no grut yn Drachten, mar it is der fraach oft dat sa bliuwt. Dêrom kieze Smellingerlân en Accolade foar tydlike huzen. It gebou fan de eardere meubelsaak dat der no noch stiet, wurdt sloopt.