FIDEO: Skoalbern út Garyp raze ferskes yn akwadukt

It akwadukt yn oanbou by Burgum hie moandeitemiddei in opmerklike funksje: in konsertseal foar de skoalbern út Garyp. Sy hawwe as koar in tal ferskes raasd. It is de ludike ôfsluting fan it projekt '40 dagen net skelle'. Alle learlingen fan de groepen 6, 7 en 8 fan de Wrâldpoarte hawwe meielkoar ôfpraat dat se kwetsende skelwurden as mongoal, homo en kanker net mear brûke sille. De bern raasden in pear bekende ferskes yn it akwadukt. De oannimmer lei it wurk foar dizze gelegenheid efkes stil.