'Beskermje otters better tsjin fûken'

04 jul 2016 - 17:26

Otters moatte better beskerme wurde tsjin fûken dêr't se yn fersûpe kinne. Dat sizze de PvdA, de Partij voor de Dieren en D66 yn provinsjale steaten. Se wolle fan deputearre Kramer witte hoe't it kin dat der koartlyn in tal otters fersûpt is, wylst der wol maatregels naam binne om dat foar te kommen. Mar dy maatregels jilde allinne yn bepaalde gebieten, dêr't jierren lyn otters útset binne.

Yntusken ha se har fierder oer de provinsje ferspraat en soene de beskermjende maatregels ek op oare plakken jilde moatte, fine PvdA, Partij voor de Dieren en D66. Want ek yn it ferkear soargje de bistjes faak foar problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)