Fryske ferpleechhuzen foldogge net oan noarmen fan ynspeksje

04 jul 2016 - 16:21

Fryske ferpleechynstellings foldogge net oan alle noarmen dy't steld binne troch de Ynspeksje fan de Sûnenenssoarch. Dat docht bliken út in rapport dat dyselde ynspeksje moandei nei bûten brocht hat. De ferpleechhuzen yn Fryslân dogge it better as yn de rest fan Nederlân. Sa steane lanlik alve ynstellings ûnder ferskerpe tafersjoch. Sy soene de soarch oan de âlderein net goed oan kinne en dat soe sels gefaarlik wêze.

Sa hat it personiel net genôch kunde oer deminsje, it jaan fan medisinen sjit somtiden tekoart en makke fouten wurde net altyd melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)