Glêzen hûs 2013 nei Saailân

27 apr 2012 - 12:49

It glêzen hûs fan Serious Request fan 3FM komt yn 2013 op it Saailân yn Ljouwert. Dat hat radiostjoerder 3FM freedtemiddei bekend makke. Boargemaster Crone is út de skroeven oer it beslút fan 3FM. De benefytaksje fan 3FM foar kryst is tige populêr. Ferline jier luts de aksje yn Leiden 200.000 besikers. Dy joegen tusken de 4 en 6 miljoen euro út yn winkels en hoareka.

It kostet Ljouwert wol hast 2 ton om it evenemint te organisearjen. It is foar Ljouwert in moaie kâns om it nije Saailân te promoaten as 'doarpsplein fan Fryslân'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)