Wurksumheden oan Wâldwei by Ljouwert, opûnthâld dizze simmer

04 jul 2016 - 15:12

It ferkear op de Wâldwei moat fan 8 july oant 28 augustus rekken hâlde mei opûnthâld. Rykswettersteat is yn dy perioade dwaande mei werstelwurksumheden oan it akwadukt Langdeel by Ljouwert. Njonken in beheining fan de snelheid is der ek in rydstrook ôfsletten. It skipfeartferkear kin wilens de wurksumheden gewoan trochfarre.

It wurk is in ferfolch op eardere wurksumheden fan 2013 en 2014. It giet om it beton boppe de oplisblokken, dêr't by de bou fan it akwadukt fersmoarging efterbleaun is. Om it werstel út te fieren moat it akwadukt yn 'e midden sa'n fjouwer milimeter omheech tild wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)