Heldoorn bliuwt langer oan as boargemaster fan Dantumadiel

© Nanne Nicolai
Sicko Heldoorn bliuwt langer oan as waarnimmend-boargemaster fan Dantumadiel. Hy sil de funksje útoefenje oant op 1 jannewaris de amtlike fúzje tusken Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dantumadiel in feit is. Earder wie ôfpraat dat foar 1 july bepraat wurde soe oft der al earder in proseduere foar in nije boargemaster yn gong set wurde moast.
Yn oerlis mei de gemeenteried hat kommissaris fan de Kening John Joritsma besletten dat it better is dêr mei te wachtsjen oant de amtlike fúzje in feit is. Bykommend foardiel is dat de opfolger fan Jorritsma him dan bûge kin oer de proseduere. Dy nimt de taak fan Jorritsma op 1 septimber oer.