Kooyenga Groep hat grut ferlet fan personiel foar gemeenten

Detasjearringsbedriuw Kooyenga Groep út Dokkum hat it smoardrok. Se binne der op it stuit driuwend op syk nei tsientallen minsken, dy't ûnder oare by gemeenten oan it wurk moatte. Neffens eigener  Romke Kooyenga lizze der noch 120 oanfragen fan gemeenten.
De Kooyenga Groep leveret tydlike personiele stipe oan oerheden. Meiwurkers kinne bygelyks foar in bepaalde perioade ynset wurde, of op projektbasis by organisaasjes of ynstellingen oan it wurk set wurde.
De drokte komt trochdat in soad taken yn de soarch fan it Ryk nei de gemeenten oergien binne. Der is benammen ferlet fan wmo-konsulinten.