UPDATE: Slachbomen brêge op A6 iepen, ferkear rydt wer

It ferkear op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer moast moandeitemoarn rekken hâlde mei opûnthâld. Troch in technysk probleem koe de brêge oer de Skarster Rien net mear folslein ticht. Dat is no ferholpen.
Ofrûne sneon woe de brêge by Sint-Nyk ek al in oere lang net mear ticht. Dat soarge foar files en spûkriders dy't weromkearden oer de flechtstreek.