"Rapport foar Wynpark Fryslân is goed en folslein"

04 jul 2016 - 10:57

It miljeu-effektrapport foar Wynpark Fryslân is goed en folslein, dat fynt de ûnôfhinklike Commissie M.E.R. Sy hawwe opnij nei it miljeu-effektrapport sjoen. De kommisje sei earder al dat der yn it rapport goeie ynformaasje fan hege kwaliteit stie.

Op ien part moast it rapport lykwols oanpast wurde. Dat part giet oer de gefolgen fan it pleatsen fan wynmûnen yn de Iselmar foar de wetterfûgels. Ut nije ynformaasje docht bliken dat as de rotorblêden minder leech útkomme as se draaie, dat better wêze soe foar de blaustirns.

Negative gefolgen binne neffens it rapport sels út te sluten. Foar jollingen moatte noch wol ekstra maatregels naam wurde. Sa soene de wynmûnen yn tiden fan fleanperioaden mei in soad risiko stilset wurde moatte. De inisjatyfnimmers hawwe oanjûn dizze maatregels fierder út te wurkjen en foar te lizzen oan de kommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)