GGZ Fryslân stiet mei 1,8 miljoen euro yn 'e plus

04 jul 2016 - 10:11

GGZ Fryslân hat yn 2015 in posityf resultaat fan 1,8 miljoen euro boekt. Dat docht bliken út de jiersifers fan de organisaasje. Yn 2014 wie der noch in ferlies fan 6,7 miljoen euro by de GGZ, mar troch in grutte reorganisaasje binne de baten en de lêsten, neffens de organisaasje, wer yn lykwicht.

Njonken it positive finansjele plaatsje krijt GGZ Fryslân as ien fan de earste GGZ-ynstellingen yn Nederlân in goedkarde akkountantsferklearring. Oare jierren wiene der te folle ûnwissichheden om sa'n ferklearring te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)