FrieslandCampina set stappen op Pakistaanske merk

It gebou fan FrieslandCampina yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Suvelbedriuw FrieslandCampina sil de Pakistaanske merk op. It bedriuw nimt in belang fan 51 prosint yn Engro Foods, ûnderdiel fan Engro Corporation. De oankeap soe FrieslandCampina in kaaiposysje yn de Sintraal-Aziatyske merk opsmite.
Pakistan is it op twa nei grutste molke produsearjende lân yn de wrâld. Der wurdt op jierbasis 38 miljard liter molke produsearre. Engro Foods hat in haadkantoar yn Karachi en der wurkje goed 1600 minsken.