Fanfare Oranje Minnertsgea pakt Europeeske titel yn Dútslân

04 jul 2016 - 06:46

De fanfare fan kristlike muzykferiening Oranje út Minnertsgea is dit wykein Europeesk kampioen wurden yn Dútslân. Oan it iepen EK dienen mear as hûndert muzykferieningen mei. Oranje helle mei 94,6 punten de heechste skoare. Dirigint Bienze IJlstra waard troch de sjuery útroppen ta bêste dirigint fan it EK.

It is de tredde kear dat Oranje Minnertsgea Europeesk kampioen is, earder barde dat al yn 2006 en 2011.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)