Muzyk, pommeranten en lekker iten by Lauswolt Simmerkonsert

03 jul 2016 - 21:05

By de tolfde edysje fan it Lauswolt Simmerkonsert snein koene de besikers wer genietsje fan de muzyk fan it Noard Nederlânsk Orkest, kulinêre lekkernijen en moai waar. Neist it Noard Nederlânks Orkest treden ek mezzosopraan Rosanna van Sandwijk en de Fryske saksofoniste Femke IJlstra op.

It konsert wie mei goed 1.550 ferkochte kaarten stiif útferkocht. Lauswolt Simmerkonsert stiet bekend om de oanwêzichheid fan in grut tal Fryske pommeranten. Dat wie ek dit jier wer it gefal. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)