Koade giel: Wynhoazen boppe de Iselmar
Boppe de Iselmar binne wynhoazen sjoen, direkt ûnder de Fryske kust. It KNMI hat dêrom opnij koade giel ôfjûn. Ek binne der yn it easten fan it lân tongerbuien, mei hagel en wynstjitten. Sneintejûn wurdt it waar wer rêstiger, sa tinkt it meteorologysk ynstitút.