Motorrider rydt 60 km yn 'e oere te hurd, is rydbewiis kwyt

In 30-jierrige motorrider út Boalsert is sneontemiddei pakt nei't er mei in snelheid fan 140 kilometer yn 'e oere oer de Weersterweg by Wûns ried. Op dy dyk is mar 80 kilometer yn 'e oere tastien. De plysje stie op de dyk te kontrolearjen mei in lasergun en betrape de motorrider op 'e died.
De man moast syn rydbewiis ynleverje en mei in skoft net mear ride.