Feest yn de Kruisweg ferrint sûnder ynsidinten

03 jul 2016 - 13:02

It feest yn partysintrum Kruisweg yn Marum is sneontejûn sûnder ynsidinten ferrûn. Dat meldt RTV Noord. De brânwacht hat twa mjittings dien nei oanlieding fan de tieners dy't freedtejûn net goed waarden yn de Kruisweg. Under har wienen trije famkes út Easterwâlde en ien famke út Appelskea. Ek de GGD wie oanwêzich en der wie ekstra plysjekontrôle.

Boargemaster Henk Kosmeijer fan Marum is bliid dat it sneontejûn sûnder problemen ferrûn is. 'Gelukkig constateerden we gisteravond dat in de Kruisweg alle gemeten waarden allemaal binnen de normen bleven. Ik was er zelf ook de hele avond. We hebben niks gevonden wat een aanleiding zou kunnen zijn voor de onwelwordingen van de afgelopen tijd.'

Gjin ekstra maatregels

Der komme neffens de boargemaster ek gjin ekstra maatregels foar de Kruisweg. 'Nee, de Kruisweg gaat nu dicht omdat het zomer is. Dat geeft ons ook gelegenheid om de uitslag van de bloedonderzoeken af te wachten, hopelijk is daar de oorzaak van de onwelwordingen uit af te leiden.'

Trefwurden: 
Kruisweg Marum feest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)