Man oppakt yn Drachten foar mishanneling en stellerij

03 jul 2016 - 07:31

De plysje hat sneontenacht yn Drachten in 27-jierrige man oanhâlden foar mishanneling fan in famke en stellerij fan in beurs. De man waard op 'e Earrebarrestrjitte yn de stêd oanhâlden troch aginten op 'e fyts. Hy is oppakt en nei it plysjeburo brocht.

Op it buro die bliken dat er ek noch 29 dagen selstraf iepenstean hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)