Alyda Norbruis is Nederlânsk kampioen op tiidrit

Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp is sneon Nederlânsk kampioen op de tiidrit wurden. "Vooral de uitvoering van de tijdrit stemt mij zeer tevreden met het oog op Rio!" seit se. It NK tiidriden yn Emmen wie it lêste serieuze testmomint foar de Olympyske Spelen yn Rio.
Lêsten waard Alyda Norbruis foar de tolfde kear Nederlânsk kampioen hurdfytsen op de dyk.